Wommels.nl

  1. De Terprin by Kom Nei Wommels

    Dinsdag 15 Mei 2018

    concept flyer_Terprin_def

    Ien fan de spektakulêre beweegaktiviteiten by Kom Nei Wommels - Kom in Bewegeging fan 3 juny is de Terprin. De Terprin is in hurddraafwedstriid mei trije ûnderdielen: de Healwiisoererin, Pearkedraven en de Berneloop. De Healwiisoererin is in fierders serieuze hurddraafwedstriid wêrby dielnimmers sa fier mooglik sjen moatte te kommen yn in heal oere. It healwize oan dizze rin sil blyken dwaan wilens de draverij, fral yn it lêst. By it Pearkedraven kin twatallen it tsjin mekoar opnimme yn mooglik ferskillende kompetysjes. By de Berneloop foar basisskoallebern giet it om it Iepen Frysk Kampioenskip.

    >>> Meer
  2. Aqua Bootcamp in De Klomp

    Dinsdag 15 Mei 2018

    thumb aquabootcamp

    Vandaag (09.00 - 09.45 uur) en morgen (19.00 - 19.45) zijn er in zwembad De Klomp proeflessen voor de nieuwe beweegactiviteit Aqua Bootcamp. Aqua Bootcamp is powertraining (op eigen niveau) in het water, o.a. goed voor kracht, conditie en uithoudingsvermogen. De Klomp werkt hierin samen met Sportcentrum Akkermans. 

  3. Keatfroulju Wommels yn Dronryp

    Dinsdag 15 Mei 2018

    DSC 2918

    Ofrûn wykein keatsten Anna-Brecht, Martzen en Sjanet yn Dronryp. Se waarden koached troch Jappie en Wichard. Tsjin Berltsum, dat de finale wûn, rakken se der spitigergenoch mei 5-5 6-6 ôf. Henk Bootsma hat der wat foto's fan makke, op syn facebook stean noch mear.

  4. Praat met de raad in It Dielshûs

    Zondag 6 Mei 2018

    In It Dielshûs wordt op dinsdag 5 juni a.s. 'Praat met de raad' gehouden. Dit vindt plaats vanaf 19.30 uur en duurt tot ca. 20.30 uur. ‘Praat met de raad’ wordt deze keer speciaal georganiseerd voor de inwoners in de regio van Wommels. Voor 'Praat met de raad' geldt een vrije inloop; aanmelden vooraf is dus niet nodig.

    >>> Meer
  5. Merk(el)waardich

    Vrijdag 4 Mei 2018

    merkelwaardich

    Klaas de Jong stuitte koartlyn op wat hy neamt merk(el)waardich nestelgedrach: in wetterfûgels dy't aaien leit op/yn in beam. Hy hat der in foto fan makke.

  6. Grut sportoanbod by Kom Nei Wommels

    Woensdag 2 Mei 2018

    KNW05

    Kom Nei Wommels (3 juny) wurdt oars fan't jier. Gjin merke mear. Yn stee dêrfan hat de kommisje in oare ynfolling fan de Terp betocht: 'Kom in Beweging'. Mei in grut en ferskaat sportoanbod wol men it beweegjen stimulearje. Der is Kuierjen, Fytsen, Beachvolleybal, Pannakoaifuotbal, Muorrekeatsen, Hurddraven, Jeu de Boules en Stoeprândzjen. It is sawol foar minsken dy't der al aardich betûfd yn binne as foar guon dy't der ris oan priuwe as foar de aardichhyd oan mei dwaan wolle. Mei muzyk, optredens fan de Malletband en in Foodplein fan It Dielshûs moat it dêrby in gesellige dei wurden foar minsken út Wommels en wide omkriten: Kom Nei Wommels.

    >>> Meer
  7. Aanvragen bijdrage ondernemersfonds

    Zondag 29 April 2018

    thumb logoovwe

    Eind vorig jaar heeft de OVWE ingestemd met het ondernemersfonds. Er kunnen door instellingen, verenigingen, ondernemers en inwoners bijdragen aangevraagd worden voor activiteiten die een gemeenschappelijke doel hebben voor de ondernemers en de omgeving van het winkelcentrum en het bedrijventerrein. In dit artikel meer over de aanvraagprocedure.

  8. Foto's Rommelmerke fan juster

    Zaterdag 28 April 2018

    DSC 9185

    Juster, op Keningsdei, wie de jielikse rommelmerke fan Euphonia. It wie aardich drok en wer in grut súkses. Henk Bootsma hat der wat foto's fan makke.

    >>> Meer
  9. Ultsje Wiersma lid Orde van Oranje-Nassau

    Donderdag 26 April 2018
    ultsjelintsje09

    Ultsje Wiersma is fannemoarn yn de Martinitsjerke yn Snits beneamd ta lid yn de Orde van Oranje-Nassau. Boargemaster Berndsen fan SWF spjilde it him op. Oant Ultsje de tsjerke binnenkaam hie hy noch gjin inkelde argewaasje fan wat him te wachtsjen stie. Op de foto's by >>>Meer en hjir Ultsje mei it lintsje op en famylje en freonen fan him en ek by >>>Meer yn tekst en hjir yn in filmke fan de taspraak fan de boargemaster, de fertsjinsten fan Ultsje. 

    >>> Meer
  10. Kom 3 juni in beweging

    Donderdag 26 April 2018

    komneiw

    Met onder andere een fietstocht, wandeltocht en een pannakooi toernooi volop actie op 3 juni. Deze dag staat Wommels van 10uur tot 19uur in het teken van beweging. Op de site Kom nei Wommels lees je alle ins en outs van deze dag. Op de foto links een impressie van alle activiteiten.