Wommels.nl

Bestuur Doarpsbelang

Het bestuur van Doarpsbelang Wommels bestaat uit:

 

Voorzitter                   Peter Meijlis

Secretaris                  Agnes Terpstra

Penningmeester        Berend Bosgra

Algemeen lid             Meinte Wesselius

Algemeen lid             Rinse Joustra

Algemeen lid             Jan Stapersma

 

Bel of mail ons voor vragen, opmerkingen of mededelingen:  Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

 

 Vereniging dorpsbelangen Wommels (DBW)

Boppesteande is de formele namme fan ús doarpsferieniging. In ferieniging dy’t wol hast 600 leden telt en dat is net neat! Ik wist dat net doe’t bestjoer my okkerdeis frege om foarsitter te wurden fan dizze ferieniging. Ik wenje al sechtjin jier yn jim fermidden en ha oant no ta noch net folle yn it doarp dien, sa’t myn frou opmurk.

Dus it moast mar wêze. Myn namme is Peter Meijlis, 58 jier en wenje oan’t ein fan ’e Hofkamp mei Tine Wiersma. Hikke en tein yn Hollân moat ik bekenne en de bern beskuldigje my noch hieltiten fan stedske manieren. Fiif bern en fiif lytsbern; wat in rykdom! Yn it deistich libben tafersjochhâlder by ferskate organisaasjes en direkteur fan in middelgrut bedriuw yn’e logistyk. Oan’t safier.

Mar hoe sit it no mei dat Doarpsbelang? Witte jo wat it Doarpsbelang foar it doarp betsjutte kin? It jout gjin feesten, lost gjin “klein leed” op en is al hielendal gjin klachteloket! Mar wat dan wol? It bestjoer beherticht de maatskiplike en kulturele belangen fan de ynwenners fan ús doarp. Dat dogge wy troch inisjativen fan bewenners te stypjen mits dizze bydrage oan’e leefberens fan Wommels. Elts plan of idee dat dêr oan bydraacht is wolkom en kin rekkenje op ús ûndersteuning. Dat kin yn’e organisaasje, mar somtiden ek finansjeel. It is dêrby ús opdracht te witten wêr by minsken yn it doarp de kunde sit dy’t by it inisjatyf ynsette wurde kin. Minsken wolle faaks net mear jierren bestjoere, mar wolle wol graach bydragen yn in konkreet projekt. Wy noegje harren dan út om in part fan in plan foar har rekken te nimmen. En dat wurket! Dêrneist besykje wy in goede wurkrelaasje mei de gemeente te ûnderhâlde; it is saak de krekte yngong te witten om meiwurking te krijen, mar ek om ynfloed út te oefenjen. As tredde opdracht sjogge wy it as ús taak om alle ferienigingen en organisaasjes geregeld by inoar te krijen; sadwaande wolle wy soargje dat de krachten goed ynsetten wurde en net dûbeld wurk dogge. Dêr wurd net ien better fan.

Wy fergaderje iepenbier. Komris del!

Peter Meijlis