Wommels.nl

Bogerman slút ôf mei iepenloftspul

dinsdag

Bogerman Wommels nimt nije wike ôfskie mei it iepenloftspul "Lang en Gelukkig". Alle ynwenners fan Wommels bin tiisdeitejûn 3 july om 19.15 oere fan herte wolkom om dit iepenloftspul te sjen, sjoch foto hjirnêst. It wurdt opfiert yn it appelhof efter de skoalle dy't dy jûn fanôf 18.45 oere iepen is. De bern bin al dagen oan it oefenjen foar dit iepenloftspul. It stik wurdt regissearre troch Anne Zijlstra dy't op 't heden ek de artistyke lieding hat oer Zout West. It belooft in hiel spektakel te wurden.

 

 

Sjoerd Heeringa en Geert Douwe Slob hawwe in kreas brêgje makke om fanút de skoalle yn it appelhof te kommen.