Wommels.nl

Foto's Kom Nei Wommels

kidsrun

Mei moai waar wie de nije opset fan Kom Nei wommels, Kom in Beweging, juster in aardich súkses. De Terp wie fol aktiviteit. Der wurde kuiere, fytst, draafd, follybald, pannafuotballe, stoepranden, besocht en dien en wallbald. In fotoimpresje is hjir te sjen.

Sjoerd de Boer en Mark Klijnsma wûnen it Pannatoernoai. Erik Negerman kaam it fierst op de Healwiisoererin en Geartsje de shiffart en Jendo Visser wiene de bêsten by it Pearkedraven. By de jeugd oant en mei 6 jier kaam Tijmen Buld as earste oer de finish, by dy fan 7 en 8 jier Rens Bos, 9 en 10 Lieke bakker en 11 en 12 Tiemen de Schiffart.