Wommels.nl

Elektryske BMW mei de Elfwegentocht

sticker-ikdochmei-th

Fan 1 o/m 14 july is yn Fryslân de Elfwegentocht. Doel is dan dat hiel Fryslân 14 dagen gjin fossyle brânstof brûkt foar ferfier. Dit is betocht troch studenten dy't in duorseme takomst wolle en oppikt troch griene-enerzjy-goeroe Bouwe de Boer en de Freonen fan Fossylfrij Fryslân. Us dorpsgenoat Tsjeard Hofstra is oansteld om it projekt te promoaten, sjoch hjir yn de Diggelfjoer fan jannewaris (side 27). Doarpen mei in goed plan dêrfoar kinne dy 14 dagen in elektryske BMW te brûken krije om fossylfrij ferfier mei te regeljen foar ynwenners. Dat soe yn Wommels dus ek kinne. Us lokale enerzjykoöperaasje WEK Wommels is der hielendal foar yn.

Fossylfrij kin elektrysk (fyts, auto, boat, it iepenbier ferfier), op blaue diesel (der komme ynkoarten in pear punten wêr't dit tankt wurde kin) as hoe dan ek je mar betinke kinne (suppe, kanoë, swimme?). In goed plan foar Wommels foar in elektryske BMW soe wêze: in oplaadpunt (dat is der al efter it gemeentehûs), in ploechje riders en minsken, dy't harren eigen auto dy't op fossyl rydt wol stean litte wolle, en hjir wol gebrûk fan meitsje wolle. Tjalke Gaastra hat al tasein ride te wollen. Mear sjauffeurs kin har oanmelde by op de mail fan de WEK ( Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. ) as tillefoanysk by Lukas Offinga (0620343380). En sa ek minsken dy't bygelyks nei it wurk moatte as in dei te sjoppen wolle as nei in foarstelling/optreden yn in grutte stêd. 

At der wat oanmeldings binne kin we it plan yntsjinje. We moatte der eins ek noch in aardich filmke by meitsje hat Tsjeard it oer. Gean we der foar yn Wommels? It soe moai wêze. Wekker Wommels.

Pier Zijlstra kin der oer meiprate dat de elektryske BMW lekker rydt, dy hat alris in proefritsje makke. Lês hjir in artikel oer de Elfwegentocht yn de Ljouwerter Krante fan 6 febrewaris. En hjir in leaflet fan de Elfwegentocht. De Elfwegentocht wurdt ôfslúten troch in rekordpoging de grutste en langste parade fan duorseme ferfiermiddels te hâlden.