Wommels.nl

Greidhoek' Festival striidt tsjin it wetter

greidhoek

It is wat wiit wurden op it swimbadterrein troch al it reinwetter fan de lêste dagen, mar de bobbouers fan it Greidhoek' Festival dogge der alles oan om it wetter fuort te krijen as flierdielen en pallets oer de wite plakken hinne te lizzen. Fierder ha se noch in bult strie en seachsel. Lykwols is it better om de sneinse skuon thús te litten. De grutte tinten wêr't de bands yn optrede sille binne wer goed te sjen fanôf de provinsjale dyk.