Wommels.nl

Kommende sneon Greidhoek' Festival

poster

Kommende sneon 9 september op it swimbadterrein it Greidhoek' Festival. Festivalsymboal Bob Ross presintearret wer in grutte fariaasje oan keunst en muzyk en it festival sil wer bol stean fan kreatyviteit en ferrassings. Mocht der in dripke wetter falle, yn de fjildoanklaaiing hat de fjildûntwerper (en technyske haadman) Aart Laferte wer in pear grutte tinten opnommen wêr't genoch romte yn is om mei 2000 man te skûljen. Festivaltema is fan't jier "Make Love Not Wâl". Alles oer it festival is te lêzen yn de festivalkrante.

It programma set de middeis al om 16.00 oere útein mei blues fan Roadhouse en Jaap Prins, eartiids sjonger fan de legendaryske Pub Street Blues Band en no eigner fan Café Baard. 15.00 Oere giet de doar fan de yngong by de jachthaven iepen. Foar bern is der fuortdaalks al hiel wat te belibjen en der is in grutte ferskaatnis oan iten te krijen.

Nei de blues Sebeare en dan letter op 'e jûn ûnder oaren Paceshifters, Anbu Gang, Claw Boys Claw en Mark Foggo. 

Oan de kassa jilde de tagongskaarten € 12,-. De jongerein (12 o/m 17) en 65plussers kinne foar € 5,- it fjild op. Under de 12 is de tagong fergees. En dat is ek sa foar minsken dy't Bob hjitte.

Kaarten kin ek yn de foarferkeap kocht wurde by de Jumbo as op de webside fan it festival, dan bin se mar € 10,-. Yn de Jumbo rinne ek noch in pear aksjes wêrby't frijkaartsjes te winnen binne.