Wommels.nl

Diggelfjoer: doarpskrantsje wurdt doarpskrante

thumb 08diggelfjoersept2017

In soad minsken fûnen it al, de redaksje sels, lange tiid wat al te beskieden, is no ek om: doarpkrantsje die gjin rjocht oan de kwaliteit fan ús Diggelfjoer. It mocht bêst doarpskrante neamd wurde. Want alle moannen wer stean der prachtige ferhalen, interviews en eftergrûn artikels yn. Al tritich lang. En no mei in nije omslach. Lokwinske Diggelfjoer en dat jim it noch mar lang folhâlde meie. De Diggelfjoer fan septimber is hjir, lykas alle Diggelfjoers fan dit jier, online te lêzen. Eardere útjeften stean yn it archyf.