Wommels.nl

In folle Terp mei Kom Nei Wommels

knw201710

De Terp wie goed fol juster mei Kom Nei Wommels. In soad kramen beset en oan de râne kofferbakferkeap. Oan de kant fan de Jumbo de ynskriuwing en finish foar de kuiertocht, de bar en it poadium wêrop in de rin fan de middei muzyk fan de Top en Twel Sjongers en Joop Albama. Brânwacht Wommels joech demonstraasjes op de lytse Terp. Alles wie goed ferrûn en de kuierders hiene in moaie tocht hân, al wie it wol wat waarm.