Wommels.nl

Wat binne de moaiste plakjes fan Wommels?

wommelsskyline

Begjin takom jier sil ús gemeente Littenseradiel ophâlde te bestean en opnaam wurde yn trije oare gemeenten. Fansels lit de gemeente dit net ûngemerkt foarby gean. Dêrom binne Wybo Smids fan StudioSmids en Tjerk Kooistra fan TiDDER Interactive, drok dwaande om in prachtige slotmanifestaasje te organisearjen om weardich ôfskied te nimmen fan ús gemeente. Dit gruts opsetten barren sil seis kear opfierd wurde yn ‘de Helling’ yn Winsum oan it ein fan dit jier.

Der wurdt in film makke dy’t op in ‘planet earth’ achtige wize de gemeente yn byld bringt. Dy film wurdt sjen litten mei live muzyk fan in grut orkest, oanfold mei solisten. De kommende tiid sille der fideo-opnames makke wurde yn alle doarpen en dêrfoar is Anke Boersma (Projektmeiwurker Ôfskiedsproject Gemeente) op syk nei de aldermoaiste plakjes yn ús  doarp.

Jimme hawwe grif ideeën wat ús doarp bysûnder makket.  As jimme Anke Ynspirearje wolle, kinne jimme har dat witte litte via mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. .

Ynkoarten yn de  Op ‘e Skille sil mear oer dit projekt.