Wommels.nl

Fan O, O, O nei W, W ,W.

meetengreet08

Meinte Wesselius hie it der op de jirpelkist fan de Meet & Greet fan Doarpsbelang oer dat wy der op ta moatte der grutsk op wêze te kinnen dat wy út Wommels, "de parel fan de Greidhoeke", komme. Fan de trije O's dy't hy as bestjoerslid fan Doarpsbelang wol gauris gewaar wurdt nei trije W's, syn pitch is hjir te lêzen

Under oan de pdf mei syn pitch hat Meinte in kaartsje wêrmei je je as talint opjaan kinne. Eltsenien kin fêst wol wat en dat kin fan pas komme by wurksemheden dy't yn it doarp dien wurde moatte. Doarpsbelang wol fraach en oanbod by inoar bringe. Wa't dat wol kin de pdf del helje, útprinte, it kaartsje der ôf knippe, ynfolje en by ien fan de bestjoersleden fan Doarpsbelang ynleverje.