Wommels.nl

Johannes Henricus Regenbogenleen

Sample ImageMooglik in moai berjocht fan de gemeente foar jongerein út Wommels dy't dokter as apteker wurde wolle: Neffens de statuten fan de stichting “Johannes Henricus Regenbogenleen”, festige yn Boazum, kin in beheind tal kearen in oanfoljende jierlikse talage ferliend wurde oan studinten dy’t in oplieding folgje foar dokter of apteker. Der sil foarrang jûn wurde oan dyjingen dy’t fan Fryske komôf binne. It bestjoer fan de stifting freget harren dy’t miene dat sy foar in talage yn oanmerking komme, him of har foar 30 septimber 2012 skriftlik oan te melden by it siktariaat fan de stifting, p/a gemeente Littenseradiel, Postbus 1, 8730 AA Wommels.

De stifting “Johannes Henricus Regenbogenleen” is ûntstien út de neilittenskip fan Trijntje Regenbogen, as earbetoan oan har broer Johannes Henricus Regenbogen, húsdokter yn Boazum. De stifting hat as doel om jierliks in talage te ferlienen oan ûnbemiddele studinten dy’t leare foar dokter of apteker, sûnder ûnderskied fan godstsjinst. Dizze studinten moatte ôfstamme fan Fryske (foar)âlden. Allinne yn bysûndere gefallen kin it stiftingsbestjoer hjir fan ôfwike. Boppedat hawwe ferfolchoanfragen foarrang, dit om de kontinuïteit fan de jildlike stipe fêst te
hâlden. Yn de praktyk krije sân studinten jierliks in bydrage fan € 250,-.

By in oanfraach om in talage foar it stúdzjejier 2012-2013 moatte de folgjende papieren ynlevere wurde:


• in (kopy) úttreksel fan it berteregister/paspoart/bewiis fan Fryske komôf;
• in (kopy) ferklearring fan ynskriuwing oan de universiteit foar it stúdzjejier 2012-2013;
• in oersjoch fan de behelle stúdzjeresultaten (jildt net foar in earstejiers studint);
• in kopy fan it meast resinte “Bericht Studiefinanciering”, ôfjûn troch DUO (eartiids de ‘Informatie Beheer Groep’);
• en in kostenrûzing mei motivaasje fan jo tekoart.


Neiere ynformaasje kinne jo opfreegje by Lys Scarse, tillefoan: 0515 – 33 44 61 (berikber op
moandei en tongersdei en op tiisdeitemoarn), e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. .